Tamminga beëage lieder CDA

24 apr 2008 - 19:29

Douwe Tamminga fan Garyp wurdt nei alle gedachten de nije foarsitter fan it CDA yn Fryslân. De 61-jierrige Tamminga wie oant ein ferline jier algemien direkteur fan Friesland Foods Butter, in ûnderdiel fan Royal Friesland Foods. Fierder hie er ferskate bestjoerlike funksjes.

It CDA sit sûnder foarsitter sûnt Pé Miedema yn novimber opstapte. Dat die er nei oanlieding fan in kritysk rapport oer syn funskjonearjen by de steateferkiezings ferline jier

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)