Thomas Prager net nei EK

Prager sil net op it EK spylje
Hearrenfeanspiler Thomas Prager giet net nei it EK fuotbal. Hy is net selektearre foar it nasjonale alvetal fan Eastenryk. Bûnskoach Josef Hickersberger hat 31 spilers oproppen foar de tarieding op it EK, dat yn Eastenryk en Switserlân spile wurdt.
By de lêste oefenwedstriid fan Eastenryk tsjin Nederlân siet Prager noch op de bank. Earder woe er noch ferhierd wurde om mear yn byld te kommen, mar dat mocht net fan Hearrenfean.