Fries moat earder 112 belje

24 apr 2008 - 16:27

Friezen moatte earder 112 belje. Dêrom is tongersdei in nije kampanje begûn. Friezen wurde ek frege te helpen om dieders te pakken. No bellet ien op de njoggen Friezen it alarmnûmer binnen in pear minuten nei it ynsidint.

Wa´t tenei mei it nûmer bellet, krijt fia de meldkeamer direkt de plysje dy´t yn de buert is. Mei reklamespotsjes wol de plysje dúdlik meitsje dat elkenien mear dwaan kin as hy of sy tinkt. Sa moatte mear kriminelen pakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)