Fjouwer spoarbrêgen ferhege

fjouwer spoarbrêgen binne ferhege
De folsleine Lits-Lauwersmarrûte, it wetter tusken Koudum-Hylpen en de rûte nei de Grutte en Lytse Wielen binne no befarber foar boaten mei in farhichte oant trije meter. Troch fjouwer spoarbrêgen te ferheegjen binne belangrike knipepunten tusken spoar en wetter oplost.
De spoarbrêgen by Yndyk, De Westerein, Ald Diel en Boazum binne tongersdei offisjeel iepene. It ferheegjen is dien yn it ramt fan it Fryske Marreprojekt en moat toeristen lûke.