Fertochte brân langer fêst

24 apr 2008 - 15:22

De man dy't fertocht wurdt fan de brân yn in lanboumeganisaasjebedriuw yn Haulerwyk bliuwt noch 14 dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter kommissaris tongersdei bepaald.

De 54-jierrige Haulerwykster is moandeitemoarn oppakt nei oanlieding fan de grutte brân by Boelens. De skea rint yn de miljoenen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)