Korporaasjes wolle gearwurkje

korporaasjes ûndersykje gearwurking (argyffoto)
De wenningkorporaasjes Welkom út Boalsert en Nieuw_Wonen_Friesland út Ljouwert wolle gearwurkje. Dêrfoar wurde de mooglikheden ûndersocht. De korporaasjes praten earder oer gearwurking, mar dat rûn op neat út.
Troch gear te wurkjen, tinke de korporaasjes better ynspylje te kinnen op ûntwikkelingen yn de wenningmerk, lykas de groei yn de stêd en de krimp op it plattelân. Fan ´t simmer moat der mear dúdlik wêze oer de gearwurkingsplannen.