Wildeboer aksje tsjin minister

Wildeboer is lilk fanwegen de kontrôles fan minister Verburg
Slachterij Friesland_Vlees wol moandei it ministearje fan Lânbou yn Den_Haach platlizze. Eigner Wildeboer wol it ministearje ûnberikber meitsje troch te beljen, te faksen en te mailen. Hy is lulk op minister Verburg om ´t se kontrôles útfiere liet by de slachter nei berjochten oer misstannen mei fee. Dêrnei waard gjin ko mear oanfierd.
Wildeboer wol dat de minister nei syn bedriuw komt om te praten. Dat docht se net. Wildeboer is útnoege op it ministearje, mar dat wol hy wer net.