NOC*NSF nominearret Leenstra

Marrit Leenstra nominearre foar Talint fan it jier (argyffoto)
Reedrydster Marrit_Leenstra fan Wikel is troch it NOC*NSF nominearre foar de titel 'Talint fan it jier 2008'. Leenstra (18) wie it ôfrûne jier mei grut fertoan fan macht de bêste junioare fan 'e wrâld. Dêrby liet se bytiden ek by de senioaren sjen mei de bêsten mei te kinnen.
De konkurrinten fan Leenstra foar de titel 'Talint fan it jier' binne swimster Ranomi_Kromowidjojo en beachvolleybalster Daniëlle_Remmers.