Nij preemjestelstel by Cambuur

24 apr 2008 - 11:20

SC_Cambuur komt takom seizoen mei in nij preemjestelsel. Allinnich in oerwinning smyt de spilers wat op, by in lykspul of ferlies krije se neat. Dêrmei wol de Cambuurlieding spilers stimulearje om fol foar de oerwinning te spyljen.

By elke wedstriid dy´t wûn wurdt, giet dy winstpreemje noch wat omheech. Wurdt der in kear ferlern, dan wurdt it bedrach wer minder. Om hokker bedragen it krekt giet, wol de club net sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)