Undersyk nei brânstof út algen

Wetsus besjocht oft biobrânstof út algen makke wurde kin
Wetsus yn Ljouwert en de universiteit fan Wageningen dogge ûndersyk nei biobrânstof út algen. Algen binne in effisjinte boarne foar biobrânstoffen. Foar it ûndersyk wurdt goed ien miljoen euro yn it jier frijmakke. Mei alve bedriuwen út binnen- en bûtenlân wurdt sjoen hoe't de produksjetechnology better wurde kin.
Earder is al oantoand dat produksje fan biodisel fia mikro-algen ekonomysk helber is. De opbringst moat dan wol better wurde.