Oerol foar ien dei

24 apr 2008 - 10:03

Oerol komt mei in nij arranzjemint foar minsken dy't ien dei nei it festival op Skylge wolle. Under de namme 'Oerol op de bonnefooi', kinne minsken in kaartsje foar de boat keapje, in deipas en in boekje mei bonnen foar teater- en keunstprojekten.

De dei-arranzjeminten jilde op woansdei 18 juny en sneon 21 juny. Se binne te boeken op de site fan Oerol. De direksje wol minsken sa yn 'e kunde komme litte mei it festival.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)