Plan-Sintrale As kin troch

24 apr 2008 - 07:20

De plannen dy't de provinsje hat foar de oanlis fan de dyk tusken Dokkum en Nijegea, de Sintrale_As, kinne trochgean. Minister Cramer fan Miljeu dy't earder sei noch net oertsjûge te wêzen fan it nut fan 'e dyk is dat no wol. Sy kin ynstimme mei de dyk sa't de provinsje dy foar eagen hat.

De provinsje wol in fjouwerbaans dyk dy't ferdjippe yn it lânskip oanlein wurdt. De Twadde_Keamer praat woansdei oer de Sintrale_As. In mearderheid is foar de oanlis fan de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)