AID fuort by Friesland Vlees

De AID is foarearst klear mei de permaninte kontrôle by Friesland Vlees
De Algemiene_Ynspeksjetsjinst hat de permaninte kontrôle by it slachthûs fan Friesland_Vlees yn Ljouwert opheft. Der binne gjin situaasjes ûntdutsen dy't net troch de kontrôle komme, neffens de AID.
Der wurde de lêste wiken gjin bisten mear oanfierd. Dat hat te krijen mei de negative publisiteit dy't it bedriuw krige, neidat minister Verburg melding makke fan misstannen by Friesland_Vlees. It bedriuw soe siik en wrak fee slachtsje.