Sjoerd Galema ûnder fjoer

CDA-deputearre Sjoerd Galema
Deputearre Sjoerd_Galema leit ûnder fjoer oer syn eardere útspraken dat organisaasjes gjin subsydzje mear krije moatte as se kontinu nei de rjochter gean om provinsjale plannen tsjin te hâlden. Dat die woansdei hjoed bliken by Provinsjale_Steaten.
Galema die syn útlittings moandei op in CDA-ledegearkomste. De deputearre hat argewaasje fan troch de provinsje stipe miljeuorganisaasjes dy't aksjefiere tsjin bygelyks de oanlis fan de Sintrale_As.