6 oanhâldings foar jierwiksel

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Surhústerfean noch seis man oanhâlden foar it hinderjen fan de helptsjinsten mei âld en nij. Doe waard op de Burmaniastrjitte in grutte bulte hout yn 'e brân stutsen. Omstanners makken it de brânwacht en plysje ûnmooglik de brân te blussen.
De brânwacht waard bekûgele mei swier fjoerwurk en molotovcocktails. Dat de jonges no noch oanhâlden binne, komt omdat de plysje harren op it spoar kaam doe't by oare fernielings ien fan harren trappearre waard.