Festivals moatte nijsgjirriger

It filmfestival kin 'ûnderskiedender en byldbepalender', fynt de gemeente
Eveneminten yn Ljouwert moatte mear minsken fan bûten Fryslân lûke. De stêd hat ferlet fan festivals dy't sels yn it bûtenlân oanslaan sille.
Dat stelt de gemeente. De aktiviteiten dy't no organisearre wurde, misse de oandacht fan toeristen dy't fan fier komme. It strjitfestival en it Noardlik_Filmfestival lûke allinnich regionale oandacht. It binne gjin ûnderskiedende en byldbepalende festivals. De gemeente ûndersiket oft soks yn 'e takomst ek feroarje kin.