Morele krisis Boarnsterhim

23 apr 2008 - 00:24

Boarnsterhim sit net allinne mei in djippe finansjele krisis, ek it moraal yn en om de gemeenteried is oant it absolute djiptepunt sakke.

Boargemaster Ella_Schadd hat sa har nocht fan ûnnuansearre krityk, dat se tiisdei nei in beskuldiging fan falske foarljochting troch de Grouster arsjitekt Rein Hofstra de ried skorste en werom kaam mei in emosjonele ferhaal. Se rôp de Boarnsterhimmers op om tenei harren fatsoen te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)