Seks op parkearplakken Dokkum

22 apr 2008 - 22:21

De PvdA yn Dongeradiel hat soargen oer it gebrûk fan it carpoolplak by it Tolhûspark yn Dokkum en ien fan de parkearplakken lâns de Lauwersseewei as moetingsplakken foar minsken dy't seksueel kontakt sykje.

De gemeente moat útsykje oft oare minsken dêr lêst fan hawwe en wat der tsjin dien wurde moat. Oare bekende seksmoetingsplakken yn Fryslân binne de Griene Stjer by Ljouwert en parkearplak De Lanen by de Tsjûkemar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)