Frysk Festival: 41 stikken

Sijtze Pruiksma makket in 'lânksipsmuzykstik' foar it Frysk Festival
It Frysk_Festival hopet sa'n 55.000 besikers te lûken. It programma fan it kulturele eveniment dat ein augustus plakfynt op ferskate plakken yn Fryslân, waard tiisdei presintearre.
Der binne mei-elkoar 41 foarstellings dy't ferskate kearen opfierd wurde. Alle stikken hawwe wat te krijen mei it Fryske lânskip dat foar in soad keunsters in ynspiraasjeboarne is. De kaartferkeap fan it festival is ek tiisdei út ein set. Tickets binne te krijen by de skouboargen.