Skuthelp slûs Koarnwertersân

22 apr 2008 - 16:00

Rykswettersteat is op syk nei fjouwer persoanen dy't dizze simmer by de Lorenzslûs by Koarnwertersân boatsjeminsken helpe wolle om troch de slûs te farren. In proef mei de skuthelpen wie ferline jier in sukses. In protte wettersporters hiene folle minder stress.

In slûssteward helpt wettersporters mei it oanlizzen en jout tips om te manûvrearjen. Se diele ek ynformaasjeboekjes út oer wat der yn de regio te belibjen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)