Akwarel jonge Beatrix te sjen

22 apr 2008 - 14:55

Yn Museum_Martena yn Frjentsjer is fan freed ôf in akwarel te sjen makke troch in jonge Keninginne Beatrix. Doe't se 12 jier wie, joech se de tekening oan gûvernante Baronesse Van Heeckeren. Nei de feiling yn 2006 fan dy har neilittenskip kaam de akwarel yn besit fan in partikulier samler. Dy lient it no út oan Museum Martena.

De akwarel is fan 25 april oant 25 maaie te sjen yn it museum. De Keninginne is dit jier op 30 april ûnder oare yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)