Folkerts fuort by HCL

Folkert giet fan it HCL nei de gemeente Littenseradiel
Jan_Folkerts út Ljouwert is de nije gemeentesekretaris fan Littenseradiel. Hy begjint yn augustus. Folkerts is no noch direkteur by it histoarysk sintrum HCL yn Ljouwert. Hy hat sjoernalistyk en skiednis studearre en hat in skoft as sjoernalist en as foarljochter wurke.
Folkerts folget Henri Meijering op by de gemeente Littenseradiel. Meijering wurdt de nije gemeentesekretaris fan Snits.