Ynbraak yn skoallen De Gordyk

© Omrop Fryslân
In tal skoallen oan de Ringnoldusstrjitte op de Gordyk hat moandeitenacht besite hân fan ynbrekkers. Se hawwe twa byldskermen meinommen en miskien noch wol mear, mar dat is noch net bekend.
De plysje hat noch socht nei de ynbrekkers. Se wiene tipt troch in omwenjende dy't in pear fertochte minsken by de skoalle seach. De skoalle is mei de plysjehûn trochsocht, mar doe wiene de ynbrekkers al útnaaid.