Jong Hearrenfean ferliest

21 apr 2008 - 21:31

De beloftes fan fuotbalclub Hearrenfean hawwe moandeitejûn mei 1-0 ferlern by Vitesse yn Arnhem.

Yn de 76e minút waard it doelpunt foar de thúsploech makke troch Alexander Buttner, neidat in skot fan rjochting feroare waard. Sjoen de ferhâldings hie der wol in lykspul ynsitten foar Hearrenfean. De Feansters bliuwe troch dizze útslach op it tredde plak stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)