Grutte wytplantaazje oprôle

21 apr 2008 - 15:01

De plysje hat in foar Ljouwerter begrippen grutte wytplantaazje mei 4.000 plantsjes fûn op bedriuweterrein de Hemrik. De plantaazje wie in leechsteand bedriuwsgebou op de hoek fan de Plutowei en de Neptunuswei.

Yn it gebou wie eins in aparte skuorre makke fan isolaasjemateriaal en hout folslein mei ôfsûging. Dêryn stiene de himpplantsjes ferparte oer ferskate romten. De eigner fan it gebou hie sels de plysje warskôge, omdat hy it net fertroude.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)