Ein karriêre Jokelyn Tienstra

21 apr 2008 - 12:53

Jokelyn Tienstra (37) hat har hânbalkarriêre foartidich ôfbrekke moatten. Tienstra is nei in fal slim blessearre oan har hân en kin dêrtroch net mear yn aksje komme. Har klub Borussia Dortmund spilet op dit stuit promoasjewedstriden foar de Dútse earedivyzje. Tienstra soe al oan 'e ein fan it seizoen ophâlde.

Sy hat no in folsleine baan by it Nederlânsk Handbalverbond en is dêrnjonken spilersmakelaar. Tienstra is âld-hânbalynternasjonal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)