Noch gjin datum Ajax - H'fean

© Omrop Fryslân
It is noch net dúdlik wannear't de playoff-wedstriid Ajax - Hearrenfean spile wurdt. Ajax woe dy wedstriid op snein 4 maaie spylje, mar krijt dêr gjin tastimming foar fan de gemeente Amsterdam. Dy hat beswieren tsjin in wedstriid flak foar de Deadebetinking.
De wedstriid tusken Hearrenfean en Ajax yn it Abe Lenstrastadion is op 1 maaie. Foar de twadde wedstriid is 6 maaie in opsje. Neidiel is wol dat de earste wedstriid fan 'e twadde playoffronde al op 8 of 9 maaie is.