Rioel Marsum gau oanpakke

© Omrop Fryslân
It rioel yn de Dokter Poptastrjitte yn Marsum is sa min, dat der op koarte termyn maatregels nedich binne. Dat docht bliken út in ynspeksje fan 'e gemeente Menameradiel.
Yn Marsum is de lêste jierren faak wetteroerlêst. De gemeente wol it reinwetter skiede fan it oare ôffalwetter en ôffiere mei aparte buizen, mar no docht bliken dat it besteande rioel op in soad plakken stikken is. De gemeente wol it rioel no ferfange.