Tsjerken: ôfstân fan Van Vliet

© Omrop Fryslân
De Ried fan Tsjerken fan Ljouwert en fan Fryslân nimt ôfstân fan de wurden fan dûmny Alfons van Vliet oer de islam. Van Vliet neamde de islam ferline wike yn Trouw 'fan de duvel' en in 'anty-godstsjinst'. Dochs moatte je de moslims leafhawwe, sa fynt er.
Neffens de Ried fan Tsjerken binne de útspraken 'in slach yn it gesicht' fan in soad leauwigen, net allinnich fan moslims, mar ek fan kristenen dy't har ynsette foar in minsklike dialooch mei moslims.