Klappen op 'e Jouwer

20 apr 2008 - 15:55

De plysje hat dit wykein trije jonges fan 'e Jouwer oppakt foar mishanneling. De twa fan 18 en ien fan 16 jier krige yn harren wenplak rûzje mei in 17-jierrige jonge út Haskerhoarne. Se skelden de jonge út, en skopten en sloegen him.

De trije Jousters koenen oanhâlden wurde op oanwizing fan it slachtoffer en tsjûgen. Se binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)