Oerfal flak foar slutingstiid

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneon in meiwurker fan in winkel oan de Foarstreek bedrige. Tsjin seizen kamen trije manlju mei in negroïde úterlik de winkel binnen. Ien fan de manlju pakte in mes en twong de meiwurker de kassa te iepenjen. De manlju pakten in ûnbekend jildbedrach út de kassa en rûnen doe de winkel út.
De plysje ûndersocht fuortendaliks de omjouwing fan de winkel, mar sûnder resultaat. De oerfallers binne net mear fûn.