Oldtimer-doarpetocht

19 apr 2008 - 17:21

Yn Drachten wie sneon foar it earst in oldtimer-evenemint mei in doarpetocht, organisearre troch Fryske autoclubs. Neist 170 auto's wiene der ek antike trekkers, motors en soleksen.

De Fryske Oldtimer Club en Auto Veteranen Club De Fryske Wâlden organisearren it doarpe-oldtimer- evenemint. Se wolle har ûnderskiede fan de oare oldtimerbyienkomsten troch it lytsskalich te hâlden. Te bewûnderjen wiene û.o. glimmende Fords, Jaguars, Bentleys en Opels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)