ONS ferliest yn Genemuiden

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits spile sneon yn en tsjin Genemuiden. Nei tsien wedstriden sûnder ferlies waard mei 3-2 ferlern. Yn de njoggende minút fan de earste helte iepene Tony Albeda de skoare. De 2-0 kaam foar it skoft fan de foet fan Rudy Mann.
Yn de twadde helte wie ONS ek de bettere ploech maar kaam net ta skoaren. Genemuiden krige trije kânsen en makke trije doelpunten.ONS Snits stiet op it belangrike tredde plak foar dielname oan de KNVB-beker.