Iepen bedriuwedei Aldegea Sm.

19 apr 2008 - 16:10

Wêrom dogge bedriuwen it yn it iene doarp wol goed en is yn it oare hast gjin winkel mear te finen? Yn Aldegea Smellingerlân komme der de lêste tiid krekt nije ûndernimmers by. It doarp tinkt dat dat leit oan de bining dy't de ynwenners ha mei de middenstân. Om dy bining te fersterkjen, wie der sneon in iepen bedriuwedei.

In hiel ferskil mei bygelyks De Pein dêr't amper noch in winkel te finen is. De konkurrinsje fan Drachten is dêr foar ûndernimmers te grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)