Ferwûne troch hakselmasine

19 apr 2008 - 14:13

In 54-jierrige man út Surhústerfean is freed slim ferwûne rekke by in ûngelok yn de Grinzer Pein. It slachtoffer wie mei in hân yn de messen fan in haksel- masine kaam. De man wie dwaande tûken op te romjen. Doe't er it apparaat iepen die om de tûken deryn te dwaan, waard syn hân rekke troch de messen.

It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Arbeidsynspeksje ûndersiket hoe't it kin dat de befeiliging fan de hierde hakseler net wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)