Lintsje foar behearster

19 apr 2008 - 10:42

De 62-jierrige Trijntje Veenstra fan Twizelerheide is freed beneamd ta Lid in de Orde van Oranje Nassau. Boargemaster Van der Zwan fan Achtkarspelen rikte de keninklike ûnderskieding út yn doarpshûs De Jister yn Twizelerheide.

De Jister bestiet 20 jier en al dy tiid hat frou Veenstra as frijwilliger behearder west fan it doarpshûs. Se hat har ek ynsetten foar Pleatslik Belang Twizelerheide en foar de iepenbiere basisskoalle yn it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)