Cambuurfans oppakt yn Arnhem

De plysje fan Arnhem hat freedtejûn 64 Cambuursupporters oppakt. De groep soarge foar problemen yn in kroech yn 'e stêd. Dêr drige in konfrontaasje mei Vitessesupporters. De plysje koe foarkomme dat der in massale fjochtpartij útbruts.
De Cambuursupporters binne fêstset en wurde sneon heard. De groep kaam út Maastricht, dêr't se de wedstryd Cambuur-MVV bywenje woenen. Dy moast fan de rjochter lykwols sûnder publyk spile wurde.