Cambuur spilet gelyk tsjin MVV

18 apr 2008 - 23:08

SC_Cambuur hat it lêste duel fan de kompetysje ôfsletten mei in lykspul tsjin MVV. De Ljouwerters kamen al nei 8 minuten op foarsprong troch El_Khalifi. Van_Boxel makke flak nei it skoft gelyk. Cambuur like de winst mei te nimmen nei Ljouwert troch in goal fan Barakat. Mar yn de lêste minút wie it wer Van_Boxel dy´t de 2-2 oantekene.

Cambuur slút it seizoen ôf op it 17e plak. Volendam is kampioen nei in 1-0 winst op ADO_Den_Haag.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)