Nije automotor op stroom útfûn

18 apr 2008 - 17:49

Autoride op elektrisiteit kin in stik goedkeaper. Alteast dat tinkt in stel knappe koppen dy't in nije motor útfûn ha. Dy wurket op akku's. Hûndert kilometer ride kostet sa goed twa euro stroom. Op de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hat in bedriuw út Damwâld harren fynst freed foar it earst toant oan it grutte publyk.

De motor hat folle mear fermogen as besteande modellen en is boppedat in stik goedkeaper. De testauto kin in 100 kilometer yn it oere helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)