Oanjefte tsjin plysje

18 apr 2008 - 16:53

Ynwenners fan Makkingea hawwe freed oanjefte dien tsjin de plysje foar it deasjitten fan losrinnende deimen (damherten). De plysje die dat ferline wike by Easterwâlde, fanwege it gefaar foar it ferkear.

De bisten fange koe net neffens de plysje, want de herten soenen te wyld wêze. De Makkingeasters bestride dat. Frou Fokkema die dêrom freed oanjefte tsjin de plysje op it plysjeburo yn Easterwâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)