Man komt om nei oanfal bolle

De traumahelikopter by de pleats yn Hantumhuzen
In man (21) út Driesum is freedtemiddei ferstoarn nei't hy oanfallen wie troch in bolle. De man wie freedtemoarn oan it wurk yn in stâl fan de pleats yn Hantumhuzen.
Hy is dêr nei alle gedachten oanfallen troch in bolle. De boer hearde de man razen en fûn de swier ferwûne man yn de boks fan de bolle. It slachtoffer is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Dêr is hy freedtemiddei oan syn ferwûnings ferstoarn.