Foppe makket ekskús

18 apr 2008 - 13:14

Foppe de Haan hat syn ekskús makke oan Hearrenfean-trainer Gertjan Verbeek. Yn in tv-ynterview sei De Haan dat Verbeek 'te dominant' wêze soe en dat dat in reden west hat om it kontrakt mei Verbeek nei fjouwer jier net te ferlingen.

Dat leit gefoelich omdat De Haan lid is fan de ried fan kommissarissen. De Haan hat spyt fan syn útlittings en hat net allinnich syn ekskús makke oan Verbeek mar ek oan de direksje fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)