Fryske Gea earder nei rjochter

Natuerorganisaasje It Fryske Gea stapt yn de takomst earder nei de rjochter by problemen mei oaren. Dat seit direkteur Hosper. No besiket It Fryske Gea der faak mei oerlis út te kommen.
Mar de organisaasje moat besparje, omdat de provinsje it Gea de kommende jierren 40.000 euro minder jout. Dan binne der aanst gjin minsken mear om sokke gesprekken yn alle ridlikheid te fieren en dus sil de rjochter faker ynskeakele wurde moatte. It Gea moast earder ek al 60.000 euro ynleverje.