Gelyk spul froulju It Fean

© Omrop Fryslân
De froulju fan Hearrenfean hawwe gelykspile yn de útwedstriid tsjin Den Haach. De earste helte wiene de Haachske froulju de bettere en in pear kear ticht by in goal. De twadde helte spilen de Feanster froulju better en krigen se ek in pear kânsen, mar der foelen gjin goals.
Yn de lêste minút waard in korner fan It Hearrenfean oant twa kear ta fan de line helle, mar de bal gie der net yn en sa bleau it dus 0-0.