Ferbouwing Tsjongerskâns klear

17 apr 2008 - 15:14

Nei 7 jier ferbouwen is sikehûs De Tsjongerskâns op It_Hearrenfean foarearst klear. Mar leafst 65 miljoen euro hat it koste. Foar de pasjint moat it no allegear nofliker wêze.It is ljochter wurden, en rommer. Yn plak fan seis persoanen op ien keamer, is it no twa, of ien en somtiden fjouwer.

Mar ek de kommende jierren sil der flink ynvestearre wurde moatte om de konkurrinsje oan te kinnen en it soarchnivo op peil te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)