Dijkhuizen net tsjin MVV

17 apr 2008 - 13:44

Cambuuroanfaller Marinus_Dijkhuizen docht freedtejûn net mei tsjin MVV. Dijkhuizen hat te krijen mei in hamstringblessuere. Dat betsjut dat er ferline wike tsjin Helmond_Sport syn lêste wedstriid yn it betelle fuotbal spile hat.

Ek Sandor_van_der_Heide en Halil_Colak binne net hielendal fit. It is noch net dúdlik oft sy spylje kinne. De wedstriid yn Maastricht wurdt sûnder publyk spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)