20% minder wurkleazen

Hieltyd mear wurksykjenden fine in baan
De wurkleazens yn Fryslân giet noch altiten nei ûnderen. Dat jildt ek foar Grinslân en Drinte. Ein maart stiene der yn de trije noardlike provinsjes mei elkoar dik 55.000 minsken by it CWI ynskreaun as wurksykjend. Dat wie tweintich persint minder as in jier lyn.
Lanlik rûn it tal wurkleazen mei hast 19 persint werom. Noard-Nederlân docht it dus krekt wat better as de rest fan Nederlân.