Gearkomsten ried op ynternet

17 apr 2008 - 07:18

Riedsgearkomsten yn Eaststellingwerf binne tenei te beharkjen op de webside fan de gemeente. Fan alle gearkomsten wurdt in lûdsopname makke. Dy wurdt dêrnei op ynternet set, sadat elk him hearre kin.

It giet om byienkomsten fan riedskommisjes, de gearkomsten fan de folsleine ried en om temajûnen fan de gemeente Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)