Drokte by weerberheidssintrum

© Omrop Fryslân
De belangstelling foar it saneamde weerberheidssintrum yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is sa grut dat der nei oardel moanne al in grutte wachtlist bestiet. Goed 180 jongeren hawwe harren oanmeld foar de fitnesskursussen dy't der oanbean wurde, mar der is mar romte foar 50.
It sintrum rjochtet him op probleemjongeren út de hiele stêd. Troch de sport hoopje se mei de jongeren yn kontakt te kommen.