De Jouwer noch gjin kampioen

De Jousters koene it woansdei net ôfmeitsje (foto Martin de Jong)
Sportclub De_Jouwer is noch gjin kampioen fan de sneinsearsteklasse. Woansdeitejûn waard de ynhelwedstriid tsjin Hoogeveen op 1-1 ôfsletten. Op Sportpark De_Hege_Simmerdyk kaam De Jouwer al gau op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Zabih_Etemadi.
Yn de twadde helte foel de lykmakker út in strafskop. Troch it lykspul moat De_Jouwer snein tsjin konkurrint Erica noch ien punt helje, dan is de ploech werom yn de haadklasse.